Wynmûne Dearsum sûnder kop

12 jan 2006 - 17:55

De kop fan de wynmûne fan Dearsum is der tongersdeitemoarn ôf helle. De doarpsmûne draait al sûnt 1999 net mear, troch in stikken tosktsjil. De mûne kin net mear makke wurde. Dêrom is besletten de kop der ôf te heljen foar de feiligens.

It doarp is al jierren dwaande mei in nije mûne op itselde plak. Mar dat slagget mar net, om't de hjoeddeistige wynmûnes folle grutter binne. En dat past net yn de boufergunning út 1986.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)