Wynmotor krijt anonime jefte

26 sep 2013 - 18:32
  • De wynmotor fan Munnekebuorren is yn de race foar de Molenprijs

De earste bydrage foar de restauraasje fan de wynmotor yn Munnekebuorren is binnen. In anonime donateur makke in bedrach oer fan 2500 euro. Boppedat stelt Wetterskip Fryslân in twaddehânsk tuolle fan in wynmotor út Genderen beskikber foar it restauraasjeprojekt.

De wynmotor fan Munnekebuorren is noch altyd yn de race foar de BankGiro Loterij Molenprijs, dêr't in bedrach fan 90.000 euro oan ferbûn is. Oant en mei 30 septimber kin der stimd wurde foar it bêste mûneprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)