Wynmoles Slachte moatte fuort

19 nov 2004 - 09:36

De Raad van State moat de boufergunning foar 13 wynmoles by de Slachtedyk ferneatigje. Dat wol it Fryske Gea, de eigner fan de dyk. De fergunning is jûn doe't de regels foar allinnesteande moles noch net oanskerpe wiene.

By de oanfraach wie útgien fan 40 meter hichte. Nei protesten bepaalde de rjochtbank dat dat te heech wie. De oanfraach waard doe dien foar 35 meter, mar doe wiene de regels oanskerpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)