Wynmoles: alternativen besjen

24 apr 2014 - 14:22
  • Wynmûne

Alternativen foar grutte wynmoleparken op Iselmar en Noardsee moatte in kâns krije. Dat hawwe de koälysjepartijen VVD en PvdA tongersdei sein yn de Twadde Keamer by it debat oer de kabinetsplannen foar wynenerzjy op lân en see. Yn Fryslân binne ûnder oare de Noardsee boppe It Amelân en de Iselmar yn byld foar in grut nij wynmolepark.

Neffens de keamerleden De Vries (PvdA) en Litjens (VVD) moat der by alternativen goed sjoen wurde nei draachflak by de pleatslike befolking. As in alternatyf plan mear tiid kostet, dan moat dat mar.

Minister Kamp fan Ekonomyske Saken neamt dizze benadering 'tige ûnderferstannich'. De minister wol net ôfwike fan de struktuerfyzje 'Windenergie op Land', dy't de ôfrûne moanne fêststeld is. De minister wol yn 2020 op syn minst 14 persint fan de elektrisiteit duorsum opwekke. Om dat te heljen hat it kabinet alve lokaasjes oanwiisd foar grutte wynmoleparken dy't mei-inoar 6000 megawatt leverje moatte.

Fryslân hat tasein 530 megawatt oan wynmûnen te leverjen. Dat kin foar it grutste part op de Iselmar barre. Mar dêr is in soad ferset tsjin. Boppedat wurdt der noch folop sjoen nei lokaasjes foar wynmûnen op it Fryske fêste lân. Trije partijen feriene yn 'Fryslân foar de Wyn' ha mei-inoar mear as fyftich lokaasjes fûn dêr't wynmûnen komme kinne, mar dat kostet wol wat ekstra tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)