Wynjeterper Skar ferbettere

18 okt 2014 - 12:15
  • Wynjeterper Skar

De orchideefjilden yn natuergebiet Wynjeterper Skar by Wynjewâld wurde moaier en grutter. Dat ferwachtet natuerbehearder Steatsboskbehear fan de ferbetterings fan it beekdal dy't no útfierd wurde.

It beekdal rint nei it Keningsdjip en dan omheech nei blaugerslannen, heide en bosk. Dêr tuskenyn leit de Nije Heawei dy't de wetterhúshâlding yn it gebiet fersteurt. Datselde jildt foar in pleats yn it gebiet. Dy is no hast ôfbrutsen en de dyk moat noch fuorthelle wurde. Fierders wurde sleatten yn it gebiet dempt.

De maatregels moatte de kwaliteit fan de natuer ferbetterje. Der wurdt ek in nij kuierpaad oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)