Wynhoazen yn Fryslân

29 aug 2000 - 17:02

Fyftjin wyn- en wetterhoazen lutsen moandei oer Fryslân. De natuerferskynsels diene harren foar tichteby of op it wetter, ûnder oare op Skier en It Amelân, De Lemmer en Murns.

Wetter- en wynhoazen ûntsteane troch grutte temperatuerferskillen op 'e grûn en yn 'e atmosfear. Meastentiids bliuwt de slurf yn 'e loft hingjen. By Skier skode ien flak achter in jachtsje lâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)