Wynhoas ferpleatst auto by MCL

24 sep 2014 - 15:07

In wynhoas hat woansdeitemiddei by sikehûs MCL yn Ljouwert in auto yn in plantsoentsje blaasd. Nei alle gedachten falt de skea ta, neffens it sikehûs is de auto wer fuortriden. De bestjoerder hat him net melden.

In tal minsken foar de haadyngong fan it sikehûs seach dat de auto fuortblaasd waard. Ien fan har skrok der sa fan, dat se mei in taksy nei hûs brocht is. Foar safier't bekend is, rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)