Wynbou op It Amelân

12 feb 2004 - 00:00

Wyn fan It Amelân? It is gjin utopy. Oer sa'n trije jier komt der wyn op de merk dy't makke wurdt op it Waadeilân. Meikoarten wurdt in lytse wyngerd mei 300 planten oanlein. It giet om in proef wêrby't sjoen wurdt nei de belesting foar it miljeu.

Der komt mooglik subsydzje fan Europa foar de wynbou. Neffens inisjatyfnimmer Nagtegaal hoecht it klimaat op It Amelân gjin probleem te wêzen, as de wynstokken mar út de wyn steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)