Winaam wol kompensaasje Ryk

17 jan 2014 - 12:40
  • Spandoek

De sâltwinning hat yn de omkriten fan Winaam foar 20 miljoen euro oan skea soarge. It giet benammen om skuorren yn huzen en gebouwen. Ek is de wearde fan de wenten flink minder wurden. Dat seit Rinze Post fan Winaam.

Post is ien fan de inisjatyfnimmers fan in nije stifting yn Winaam. De stifting wol de klachten en skeameldings yn it gebiet bondelje en sa besykje by it Ryk kompensaasje te krijen. De boaiem is troch de sâltwinning op plakken mei 18 sentimeter sakke. Klachten dêroer wurde al jierren negearre, sa seit Post.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)