Wyn spilet hege toer parten

28 okt 2000 - 19:20

De hurde wyn wie sneon spulbrekker by de wurksumheden oan de hege Avérotoer yn de Fryske haadstêd. De kraan moast mei in tuskenstik ophege wurde ta in hichte fan 107 meter.

It ferheegjen bleau lykwols stykjen op 100 meter. It wie net fertroud om om troch te gean fanwegen it minne waar. De toer yn Ljouwert is no 77 meter en moat úteinlik 104 meter heech wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)