Wymbritseradiel hat jild oer

27 mrt 2008 - 14:20

De gemeente Wymbritseradiel kin yn 2009 foar goed in heal miljoen euro oan nije plannen betinke. Dat docht bliken út de foarjiersnotysje fan de gemeente.

Foar goed 360.000 euro fan dat bedrach hat it kolleezje al plannen betocht. Der bliuwt noch in ton oer. De positive sifers fan de gemeente betsjutte ek dat de lêsten foar de ynwenners yn 2009 net omheech gean sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)