Wymbrits wol mear toeristen

26 mrt 2004 - 00:00

Wymbritseradiel krijt der struktureel sa'n 150 banen by troch ynvestearrings yn de rekreaasjesektor. De kommende jierren wurdt goed 50 miljoen euro stutsen yn akwadukten by Jeltesleat en Wâldsein. De gemeente stelt sels goed fiif miljoen euro beskikber. De provinsje hast 30 miljoen euro en de rest fan it jild komt út oare potsjes.

Ek wettersportplakken Heech en Wâldsein wurde oanpakt om mear toeristen nei de gemeente te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)