Wymbrits: trouwe op in boat

26 apr 2004 - 00:00

Op 1 juny wurdt foar de earste kear yn Fryslân in houlik sletten op in rûnfeartboat. De rûnfeartboat Toerist V fan ûndernimmer Menno van der Werf is sûnt moandei oanwiisd as offisjele troulokaasje fan Wymbritseradiel.

Trouboat-eigner Van der Werf ferwachtet dat der in soad ferlet is fan boaskje op it wetter. Meikoarten kinne spantsjes inoar ek it jawurd jaan op de Johanna Jacoba, it skip fan 'e gemeente Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)