Wymbrits stint op weryndieling

23 maaie 2007 - 01:19

Wymbritseradiel lit útsykje oft de gemeente werom komme moat op it stânpunt tsjin weryndieling. Yn de Súdwesthoeke wurdt in soad praat oer gemeentlike weryndieling, mar Wymbrits hat der altiten op tsjin west.

Nei petearen mei de ynwenners - dy't net op gearwurking tsjin binne - lit de gemeenteried no útsykje oft Wymbrits oansluting sykje moat by de fúzjepetearen mei de oare gemeenten yn de Súdwesthoeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)