Wylgen Starteilân kappe

07 mrt 2012 - 14:30

It kappen fan de wylgen op it starteilân by Snits is begûn. Dat is nedich om't se siik binne en om foar te kommen dat mear beammen besmet reitsje, wurde se kappe. De sike beammen kinne omfalle en dat is gefaarlik op in eilân dêr't simmerdeis in bulte toeristen komme lykas mei de Snitswike. Der komme nije beammen lykas elzen en bjirken foar yn 't plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)