Wylgen fuort yn Ferwerderadiel

04 mrt 2012 - 11:09

De gemeente Ferwerderadiel sil yn de wike fan 19 oant en mei 24 maart tsientallen wylgen omhelje. Op ferskate plakken wurde de beammen roaid en komme der resistinte ipen foar yn it plak.

De wylgen wurde te âld en ferlieze in soad tûken as it in kear hurd waait en dat kin foar gefaarlike situaasjes soargje. Foardat in beam roaid wurdt, wurdt earst besjoen oft der briedende fûgels yn de beammen sitte. Nije beammen wurde fan 't hjerst oanplante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)