Wyldpisser út Himpens oppakt

28 maaie 2011 - 14:19

In jonge fan 16 jier út Himpens is freed oanhâlden op de trep fan it gerjochtshôf yn Ljouwert foar it skeinen fan de earberheid. Tsjûgen hiene sjoen dat er syn geslacht sjen liet en dat er tsjin in gebou pisse hie.

Doe't de plysje him oanhâlde woe, die er ferfelend. De jonge hat de nacht yn de sel sitten. Hy hat in bekeuring krigen foar iepenbiere dronkenskip en wyldpisjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)