Wyldpisje yn Snits

08 feb 2009 - 12:35

De plysje hat yn de nacht nei snein yn Snits in ynwenner fan Skearnegoutum oanholden. Hy bemuoide him mei de arrestaasje fan in doarpsgenoat. Dy krige fan de plysje in proses-ferbaal omdat er op strjitte stie te pisjen.

Ek hy fersette him tsjin de plysje. De beide manlju, fan 23 en 28 jier âld, waarden dêrom meinaam nei it plysjeburo. Se binne yntusken heard en wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)