Wylde fernieler Hearrenfean

01 jul 2007 - 14:49

Op It Hearrenfean is sneontenacht in 18-jierrige jonge oanhâlden foar it ynwâdzjen fan in rút. Dat wie by in wenning oan de Dimpte Mûnewyk. Tsjûgen hiene it sjoen en de plysje warskôge.

By syn oanhâlding wraksele de jonge bot tsjin. Hy hie ek noch in papierke by him dêr't nei alle gedachten speed yn sitten hat. Fierders misledige er plysjes ûnder de autorit nei it buro. De man hat prosesferbaal krige foar ferskate misgripen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)