Wylde efterfolging yn Ljouwert

30 apr 2014 - 17:42
  • Plysje

De plysje hat woansdeitemiddei nei in wylde efterfolging troch Ljouwert in man (27) fan Oentsjerk oanhâlden. De man ried hurd oer de Drachtsterwei doe't de plysje him foar it earst seach. Hy neagearde in stopteken en ried wyld troch de binnenstêd. Derby ried er tsjin parkearde auto's oan. Minsken moasten oan de kant springe om net rekke te wurden.

De plysje moast foar de eigen feilichheid de efterfolging stake. Mei help fan tsjûgen is er úteinlik oanhâlden by de Vierhuisterweg. Dêr hie er syn auto litten en gie er rinnend fierder.

De plysje siket no om de minsken dy't hast troch de man oanriden waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)