Wylde bargen noch altyd aktyf

09 sep 2003 - 00:00

Yn 'e bosken fan Gaasterlân sitte noch altyd wylde bargen. De bisten waarden heal augustus foar it earst sjoen. Se binne nei alle gedachten útset troch ien dy't der gjin plak foar hie. Al rillegau waarden acht bisten ôfsketten, mar in pear oaren lieten har net fange.

De pleatslike jagersferiening kriget út en troch meldings fan minsken dy't de bargen sjoen hawwe. De provinsje hat in fergunning jûn om de bargen ôf te sjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)