Wylde achterfolging Waskemar

29 apr 2011 - 10:57

In 39-jierrige man sûnder fêst wenplak is nei in wylde achterfolging yn Waskemar oanhâlden. De plysje seach him yn in bestelbus sûnder ljocht oer de N381 fan Drachten nei Emmen riden en sette him oan de kant. Doe't ien fan de plysjes útstapte, joech de man gas en naaide er út. De man helle rjochts yn, ried troch read ljocht en die de autoljochten opnij út.

Yn Waskemar ried er himsels klem en rûn doe hurd fuort. Mar de plysje koe him oanhâlde yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)