Wylde achterfolging tusken Wommels en Hinnaard

20 sep 2015 - 10:53

Nei in wylde achterfolging is sneontenacht in 27-jierrige automobilist út Frjentsjer oanhâlden. De man wie útnaaid by in alkoholkontrôle oan de Hertoch fan Saksenleane yn syn wenplak. Earst wie er net te finen, mar letter waard er dochs wer sjoen. De man ried hurd fan Wommels nei Hinnaard mei de plysje achter him oan.

Troch mei plysje-auto's foar en achter de man te riden koe de plysje syn auto ta stilstân twinge. De hurdrider wie dronken, sa die bliken. Syn rydbewiis is ynnaam en syn auto is syn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)