Wylde achterfolging op A32

09 jul 2011 - 15:17
  • (foto Marcel Klip, 112groningen.nl)

De plysje hat freed de hannen fol hân oan de achterfolging. Fjouwer mannen út Snits en Grins hiene by in garaazje by Meppel in autokaai stellen. Ien fan har naaide út mei de auto, de oare trije folgen yn har eigen auto.

De plysje seach har by It Hearrenfean riden en begûn de achterfolging op de A32 en A7. De stellen wein ried om twa ôfsettingen op de dyk hinne, mar botste úteinlik yn Hoogkerk op in tredde stek oer de dyk. Trije manlju binne oanhâlden. De fjirde noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)