Wylde achterfolging op A28

01 des 2012 - 13:45
  • Plysje

De plysje hat nei in lange achterfolging troch Drinte, Oerisel en Fryslân in automobilist (18) út Alde Pekela en syn passazjier (21) út Stegeren oanhâlden yn Wolvegea. De man ried freedtejûn slingerjend en mei hege snelheid oer de A28 tusken Hoogeveen en Meppel. Hy negearde it teken fan de plysje om oan de kant te gean en ried oer de A32 rjochting It Hearrenfean. Nei in wylde achterfolging mei meardere plysje-auto's, dêr't de man ferskillende kearen by besocht de plysje-auto's fan de dyk te riden, koe de man ramd wurde.

De beide manlju waarden meinommen nei it buro foar neier ûndersyk. Dêr waard dúdlik dat de 18-jierrige bestjoerder gjin rydbewiis hie en wierskynlik ûnder ynfloed fan drugs en alkohol wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)