Wylde achterfolging nei ynbraak

03 feb 2001 - 15:53

De plysje hat tongersdeitenacht trije Amsterdammers oanhâlden. Mei har fjouweren hienen se besocht yn it postkantoar Frjentsjer yn te brekken. Nei in wylde achterfolging op de dyk nei Dronryp hâlde de plysje twa mannen oan.

In tredde dieder koe letter yn swier ûnderkuolle tastân oanhâlden wurde. Hy wie yn 'e grêft sprongen. De fjirde man koe ûntkomme. Der wurdt noch nei socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)