Wyld-west op It Hearrenfean

27 jan 2011 - 11:06

Trije manlju út Ychtenbrêge en Sint Jânsgea hawwe woansdeitejûn in man fan It Hearrenfean en syn freondinne yn de auto bedrige. De trije rieden it steltsje mei de auto klem. Se stapten út en drigen de autodoar iepen te skuorren. De 24-jierrige man fan It Hearrenfean wist mei de auto tusken syn belagers troch de riden en koe ûntkomme. De trije achterfolgen se mei hege snelheden troch It Hearrenfean.

Op it Kuperusplein koe de plysje in ein oan de achterfolging meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)