Wyksintrum Schieringen ticht

23 des 2004 - 11:28

It wyksintrum fan de Ljouwerter wyk Schieringen slút takom jier de doarren. It wykkomitee Schieringen hat dat besletten om't de twa behearders mei ID-banen fuortbesunige wurde. It kin noch wol in heal jier duorje foardat de gemeente mei in oplossing komt. Sa lang wol it bestjoer net wachtsje.

Mei frijwilligers kin it sintrum heechút tolve oeren yn de wike iepen. Der sil noch aksjefierd wurde foar behâld fan it wyksintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)