Wyksintra ynstee fan ien sintrum

03 apr 2003 - 00:00

Der komme acht lytse gebouwen yn de Ljouwerter wiken dêr't startende ûndernimmers har bedriuw útfiere kinne. De gebouwen komme yn it plak fan it sintrum dat de organisaasje Bedrijven Centrum Leeuwarden hie op it bedriuweterrein De Hemrik.

Neffens de organisaasje is ien sa'n grut bedriuwesintrum achterhelle. It pân is dêrom ferkocht. Yn de wiken moatte wurkleazen harren eigen bedriuwke begjinne kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)