'Wyksintra moatte iepen bliuwe'

12 jan 2005 - 10:50

It moat mooglik bliuwe om wyksintra iepen te hâlden en dêr behearders oan te stellen. Dêr komt it stânpunt fan de Ljouwerter PvdA-fraksje op del. Dy stelt fragen oan it kolleezje oer de sluting fan wyksintrum Skieringen. Dat koe net iepenbliuwe, om't der besunige wurdt op de ID-banen, de banen fan de behearders.

De PvdA wiist derop dat behearders witte fan saken as arbo-wetjouwing en EHBO, en frijwilligers net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)