Wykrieden yn Dokkum

20 jun 2004 - 00:00

Dongeradiel wol mei it ynstellen fan wykrieden de kontakten mei de ynwenners fan Dokkum ferbetterje. Dat stiet yn in notysje dy't makke is oer de ferbettering fan de kontakten.

Mei de doarpsmienskippen is der in goed kontakt fia de ferskate doarpsbelangen. Yn Dokkum giet it minder goed en dêrom wol de gemeente no foar alle tsien wiken yn de stêd in wykried oprjochtsje. Dêrmei wurdt praat oer saken dy't de wyk oangeane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)