Wykrestaurant foar âlderein

23 jul 2002 - 00:00

De Hofwijck yn Ljouwert kriget as earste fersoargingstehûs yn Fryslân in wykrestaurant. Alderein út 'e buert kinne dêr dan ek ite. Doel is dat de âlderein út 'e wyk en yn it fersoargingstehûs mear mei inoar omgean.

As it in sukses is, komme der mear wykrestaurants yn Ljouwert. Op 9 septimber wurdt út ein set mei it wykrestaurant yn De Hofwijck.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)