Wykpanel praat mei gemeente

23 feb 2009 - 12:20

It wykpanel fan Bilgaard hat syn skeel mei de gemeente Ljouwert bylein. Ferline wike sei it panel de gearwurking mei de gemeente op, omdat it ûntefreden is oer it oerlis mei de gemeente. Dy soe allinne om ried freegje as it om lytse putsjes giet.

By grutte plannen lykas de sloop fan de sporthal, nijbou en feroarings yn de Ljouwerter bosk fielt it panel him bûtenspul set. Yn in petear hat it panel met de wethâlders Krol en Deinum nije ôfspraken makke oer it oerlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)