Wykpanel nei hûs stjoerd

10 mrt 2009 - 19:51

De gemeente Ljouwert is op syk nei in nij wykpanel yn Aldlân. It hjoeddeistich bestjoer fan it panel yn de Ljouwerter wyk funksjonearret net mear, fynt it kolleezje fan B&W.

Dat komt troch fertrouwensbreuk yn it panel, seit wethâlder Krol. De acht leden fan it wykpanel yn Aldlân steane yn twa groepkes fan fjouwer lijnrjocht foarinoar oer. De gemeente hat besocht te bemiddeljen, mar dat is net slagge. Ljouwert seit de gearwurking no op en jout gjin subsydzje mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)