Wykferpleechkundige spil yn tawizing thússoarch

02 jan 2015 - 20:48
  • Thússoarchmeiwurkster

De wykferpleechkundige makket tenei út wa't wol of net rjocht hat op thússoarch. Fan 1 jannewaris ôf binne de regels feroare en dus is it de ferpleechkundige dy't in ynskatting makket. Derby wurdt sjoen nei it netwurk fan de kliïnt. Binne der genôch freonen of famyljeleden dy't bepaalde saken dwaan kinne, dan sil der gjin profesjonele help mear komme. Sa moatte úteinliks foar it selde jild mear minsken holpen wurde kinne. Neffens De Friese Wouden moat der 40 persint mear dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)