Wykein gjin trein nei Harns

03 okt 2008 - 15:28
  • It stasjon fan Harns

Yn ferbân mei wurksumheden oan it spoar op it trajekt Ljouwert en de haven fan Harns ride der no sneon en snein gjin treinen. Der wurde bussen ynset. De ôfreistiden stean op arriva.nl of binne op te freegjen op it tillefoannûmer 0900-9292.

Ek is der in struibrief beskikber op it stasjon mei alle ynformaasje. Foar it ferfier mei de bus hat de reizger in jildich treinkaartsje nedich. De busreis duorret in kertier langer as mei de trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)