Wykein gjin amateurfuotbal

16 des 2010 - 17:16

De KNVB hat besletten dat der ek it kommend wykein net fuotballe wurde kin. Alle wedstriden yn it distrikt Noard fan it amateurfuotbal binne skrast. De fjilden binne al min en de waarberjochten foar de kommende dagen binne ek ûngeunstich foar de fjilden. Dat betsjut dat foar de amateurs no de winterstop begûn is.

De topklassen en de haadklassen falle hjir net ûnder. Sadwaande stean IJsselmeervogels-Harkemase Boys en Snits Wyt Swart-FVC noch op it program.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)