Wykdebat Sperkhem-Túndoarp

06 nov 2013 - 21:35
  • Snits

Twadde Keamerlid Jacques Monasch fan de PvdA sil moandei 18 novimber it earste wykdebat yn de Snitser wyk Sperkhem-Túndoarp liede. Yn it wykdebat wurde bewenners en riedsleden fan de gemeente Súdwest-Fryslân útnoege om mei-inoar yn diskusje te gean oer ûnderwerpen dy't libje yn de wyk. Der sil ûnder oare praat wurde oer probleemgesinnen yn de wyk en boargerpartisipaasje.

Ek sille fraksjefoarsitter Djoke de Jong fan de PvdA en Titia Tjalsma-de Wilde fan de VVD by it debat oanwêzich wêze. It earste debat fynt plak yn wykgebou De Eekmolen.

Monasch hat de wyk al inkele jierren lyn as adopsjewyk oannommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)