Wyb Feddema behelle yn komplot

13 okt 2009 - 11:58
  • Geenstijl skriuwt Wyb Feddema grutte rol ta yn DSB-fal
  • Neffens GeenStijl wisten guon VVD'ers yn't foar dat DSB omfalle soe...

Sûnder dat er it sels yn de gaten hie, is it Ljouwerter VVD-riedslid Wyb Feddema yn in tsjuster komplot op de webside Geenstijl bedarre. De webside neamt Feddema ien fan haadrolspilers yn de fal fan de DSB bank.

Oanlieding is in Twitterberjocht dat Feddema snein om 18.15 oere pleatste. Dêryn skriuwt er oer problemen by in bank. Omdat doe noch gjin praat gie oer in krisis by de DSB bank, tinkt Geenstijl dat Feddema troch in geheime VVD-mailing op de hichte brocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)