'Wy bin gjin Kazakken'

08 jan 2010 - 11:58
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat gjin Kazaksk paspoart. Dat seit Bergsma as reaksje op reedrydbûn KNSB. Dy wolle nammentlik dat Bergsma, tegearre mei Arjan Stroetinga fan Waskemar, Rob Hadders en Christijn Groeneveld bewize dat se gjin Kazaksk paspoart hawwe. Oars meie sy net meidwaan oan in Nederlânsk kampioenskip.

Bergsma seit lykwols dat sy gjin paspoart hawwe, want sy ha nea wat ûndertekene. Bergsma giet derfan út dat sy meidwaan kinne oan NK's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)