W.van Haren-direkteur giet fuort

03 jul 2001 - 00:00

Direkteur Ad Geerdink fan it Willem van Harenmuseum op It Hearrenfean wurdt manager by it Suderseemuseum yn Enkhuzen. Sûnt 1990 hat er in protte út 'e wei set foar it Van Haren.

Hy rjochte it nije sintrum foar keunst en kultuer 'de Hearrenfeanske Skoalle' op. Ek helle er it Domela Nieuwenhuismuseum nei 't Fean en wurket er oan de werynrjochting fan museumstedhûs Sleat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)