Wurksykjenden krije kursus lieder sportive rekreaasje

06 feb 2016 - 13:59
  • Wurksykjende folgje kursus begelieder sportive aktiviteiten

Fjirtjin wurksykjenden yn de gemeente Ljouwert en Ljouwerteradiel binne úteinset mei in kursus lieder sportive rekreaasje. Dy wurdt sneontejûn troch BV Sport yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert. It doel fan de kursus is dat de dielnimmers selsstannich mei ferskate groepen yn de wyk wurkje kinne op it mêd fan aktiviteitebegelieding.

De kursus bestiet út tolve lessen en in staazje. It gehiel wurdt yn de simmer ôfsletten mei in soart fan eintest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)