Wurksykjende frou fêst yn Ljouwerter UWV-gebou

13 jul 2015 - 18:08

In wurksykjende frou hat oardel wike lyn in tal oeren opsletten sitten yn in UWV-gebou yn Ljouwert, meldt it ANP. De frou siet yn in kompjûterromte te sykjen nei wurk, mar waard oan 'e ein fan de dei troch in befeiliger oer de holle sjoen doe't it gebou sletten waard. Oerenlang gie der in alarm yn de betreffende romte ôf foardat se fûn waard.

De frou easket no in skeafergoeding fan it UWV. Neffens har advokaat fielt se har as in boef behannele.

De útkearingsynstânsje wol de frou graach ekskús oanbiede, mar seit gjin kontaktgegevens fan har te hawwen. De wurksykjende sels beweart dat it UWV har gegevens wol hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)