Wurksumheden Werpsterhoeke

11 aug 2015 - 12:29
  • Kantoar Ryskwettersteat

Ferkear moat de kommende twa wykeinen rekken hâlde mei fertragings by de Werpsterhoeke by Ljouwert. Rykswettersteat is dan oan it wurk op it knooppunt. It giet om asfaltearringswurk en de lêste wurksumheden oan de berm, fangrail en ferljochting.

Yn it wykein fan 14-16 augustus wurde de ferbiningsdiken fan Ljouwert nei Harns en nei It Hearrenfean en it stik dyk tusken Harns en Drachten ôfsletten. It wykein fan 21-23 is de ferbiningsdyk fan Drachten nei It Hearrenfean oan bar. It ferkear wurdt omlaat en moat rekken hâlde mei langere reistiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)