Wurksumheden sintrum Snits soargje foar ferkearsproblemen

15 jan 2015 - 11:37

De wurksumheden oan de Prins Hendrikkade en de Ljouwerterdyk yn Snits soargje foar in soad ferkearsoerlêst yn omlizzende strjitten. Benammen op de Twadde Oosterkade en de Oosterdijk is in soad slûpferkear.

De Prins Hendrikkade en de Ljouwerterdyk binne de kommende wiken foar in part sletten om't it krúspunt feroare wurdt. Ek wurdt de bûlevaar njonken de Prins Hendrikkade fernijd. Foar ferkear betsjut dat in soad fertraging en in soad minsken kieze dêrom foar de Oosterkade en de Oosterdijk.

Derby giet it ferkear oer de Oosterkade tsjin de offisjele rydrjochting yn en de Oosterdijk is fuotgongersgebiet. De gemeente is fan doel om stranger te kontrolearjen en komt mei flinke boetes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)