"Wurksumheden oan N31 by Harns lizze op skema"

11 apr 2016 - 10:18

De wurksumheden oan de N31 by Harns lizze oant no ta prima op skema. Dat seit projektlieder Age Beuving. Hy wiist der wol op dat by grutte projekten as dizze altyd rekken hâlden wurde moat mei ûnferwachte tsjinslaggen.

De N31 krijt twa kear twa rydstroken en wurdt oer in lingte fan twa kilometer ferdjippe oanlein. Under it Van Harinxmakanaal wurdt in akwadukt oanlein en der komme fiif fiadukten. Dêrfoar binne hast njoggentûzen heipeallen nedich mei in lingte fan 18 oant 21 meter en sa'n 4500 damwanden mei in lingte fan 15 oant 29 meter.

Mei elkoar wurdt 350.000 kúb grûn ôfgroeven, dat binne likernôch 14.000 frachtweinen. It projekt kostet 146 miljoen euro. De nije N31 moat ein 2017 yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)