Wurksumheden oan Froonackerdyk

28 aug 2014 - 15:38

De provinsje begjint ein septimber mei it opknappen fan de Froonackerdyk tusken Earsterlittens en Dearsum. It opknappen is nedich om de dyk feiliger te meitsjen. In diel fan de krúspunten wurdt omfoarme ta rotonde. Ek wurdt der in nije asfaltlaach oanbrocht.

It wurk wurdt yn fiif parten útfierd, om de oerlêst foar de omjouwing sa beheind mooglik te hâlden. Trochgeand ferkear wurdt omlaat. It stik dyk by Wiuwert is as earste oan de beurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)