Wurksumheden Flylân sjitte op

19 feb 2008 - 14:25
  • de jachthaven op Flylân

De útwreiding fan it bedriuweterrein op Flylân is sa goed as klear. Alle sloop- en graafwurksumheden binne dien en de liedingen en strjitten binne ferlein. De oannimmer is no dwaande mei it lêste stikje bestrjitting. De nije dunen wurde dizze wike noch foarsjoen fan helm.

Der wurdt ek al inkele wiken wurke oan de nije damwand yn de jachthaven. Derby is de nije foarm fan de jachthaven al dúdlik te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)