Wurksumheden Bullepolder stilset

16 apr 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert is ûnder juridyske twang ophâlden mei de earste wurksumheden yn De Bullepolder. De gemeente wol dêr wenningen bouwe en wie al fêst begûn mei de tariedingswurksumheden.

De bulldoazers en frachtweinen moasten fan de rjochter wer fuort. Miljeudefinsje hie de rjochter hjir om frege. Ek doarpsbelang Lekkum is poer op de plande wenningbou tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)