Wurkstraffen foar Ternaarders

15 jul 2010 - 14:23

Fiif jongeren út Ternaard binne feroardield ta wurkstraffen foar frijheidsberôving. De fiif hawwe neffens de rjochter yn jannewaris in famke tsjin har sin fêstbûn yn in jongereinkeet yn Ternaard en har bespuite mei slachrjemme.

De wurkstraffen rinne útien fan 80 oant 120 oeren. De heechste straf giet nei in Ternaarder dy't it famke ek in skop jûn hawwe soe. De straffen binne krekt wat leger as fjirtjin dagen ferlyn easke waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)